Berlyn sûnder dy Ast dat no earder sein hiest soe ik miskyn oant it stasjon ta gean myn jild opnimme, it paad ferjitte Ast dat no dúdliker sein hiest soe ik miskyn net as in metronoom reagearje en soe ik it lûd fan dyn stim foar it earst hearre Berlyn sûnder dy is in stêd sûnder harmony in treurich sliepplak fan tal fan minsken Berlyn sûnder dy lit my sûnder enerzjy yn it treurige sliepplak fan tal fan minsken Ast dat no earder sein hiest soe ik miskyn oant it fleanfjild ta gean om kaartsjes foar ús beide te keapjen Ast dat no dúdliker sein hiest soe ik miskyn sûnder dat fertriet libje soe ik no dyn stim mei emoasje beharkje Mar Berlyn sûnder dy is in stêd sûnder harmony In treurich sliepplak fan tal fan minsken Berlyn sûnder dy lit my sûnder enerzjy yn it treurige sliepplak fan tal fan minsken Foar my it fiersicht fan in treurich sliepplak fan tal fan minsken In stedsgesicht, wurdt nea de stêd fan myn hertewinsk Ast dat no earder sein hiest wie ik miskyn yn dat doarp bleaun en it is de muoite net om oan te jaan wêrom’t Peter fuortgie ...