1 00:00:01,959 --> 00:00:05,000 Wy binne tefreden dat wy dy nuveraardige browser binne. 2 00:00:05,014 --> 00:00:07,616 Wy hawwe net in bylkerich bedriuwslogo 3 00:00:07,616 --> 00:00:09,594 neist ús namme yn de parse. 4 00:00:09,594 --> 00:00:11,390 Wy hawwe gjin winstmarzje. 5 00:00:11,670 --> 00:00:14,394 Wy hawwe gjin hillige rockstjerren dy't wy boppe oaren stelle. 6 00:00:14,610 --> 00:00:16,100 Wy meitsje net deselde deals, 7 00:00:16,100 --> 00:00:17,486 tekenje net deselde kontrakten, 8 00:00:17,486 --> 00:00:18,822 of fûstkje mei deselde minsken, 9 00:00:18,822 --> 00:00:20,342 as elkenien. 10 00:00:20,897 --> 00:00:22,960 En dat fine wy allegear bêst. 11 00:00:23,664 --> 00:00:25,542 Wy binne in groep fan ûnôfhinklik, ynspirearre, 12 00:00:25,542 --> 00:00:27,290 ûnkonfinsjonele minsken mei passy 13 00:00:27,290 --> 00:00:29,377 dy't saken in krekt efkes oars oanpakke. 14 00:00:29,654 --> 00:00:32,310 Dêr't oare bedriuwen de skjinne winst wurdearje kinne, 15 00:00:32,395 --> 00:00:35,021 wurdearje wy... wel, wearden. 16 00:00:35,590 --> 00:00:38,916 As de konkurrint beslút om wat te patintearjen, 17 00:00:38,916 --> 00:00:40,834 stride wy om it frij te krijen. 18 00:00:41,172 --> 00:00:43,317 En wylst de measte produkten en technologyen 19 00:00:43,317 --> 00:00:45,215 ûntwikkele wurde efter ôfskoattele doarren, 20 00:00:45,215 --> 00:00:46,797 binne dy fan ús kultivearre yn iepenheid, 21 00:00:46,797 --> 00:00:48,749 sichtber foar elkenien. 22 00:00:48,832 --> 00:00:52,190 Wy hawwe gjin ferplichtingen oan oandielhâlders, partners of eigeners. 23 00:00:52,316 --> 00:00:54,112 Wy jouwe oars gjin antwurd as jo. 24 00:00:54,502 --> 00:00:56,460 En wy wurkje net op dy wize om't wy dêr aardichheid oan hawwe, 25 00:00:56,460 --> 00:00:58,820 alhoewol't it tige aardich is. 26 00:00:58,922 --> 00:01:00,348 Wy wurkje sa, 27 00:01:00,348 --> 00:01:03,570 omdat wy tinke dat it sa it bêste is. 28 00:01:03,570 --> 00:01:05,500 By ús geane prinsipes boppe winst. 29 00:01:05,519 --> 00:01:08,650 Wy leauwe dat earlikheid boppe geheimhâlding stiet, 30 00:01:08,767 --> 00:01:11,500 en de mienskip boppe bedriuwsresultaten. 31 00:01:11,675 --> 00:01:13,898 Wy leauwe dat de minsken mear om it web jaan moatte 32 00:01:13,898 --> 00:01:15,175 as om it eigendom, 33 00:01:15,313 --> 00:01:17,067 mear in boarne om noed foar te stean 34 00:01:17,067 --> 00:01:19,487 as inkeld mar in artikel om te ferkeapjen. 35 00:01:19,487 --> 00:01:21,138 En wy leauwe foarfêst yn ynnovaasje 36 00:01:21,138 --> 00:01:25,100 dy't brûkers foaroan, sintraal en gewoan efter it stjoer set. 37 00:01:25,465 --> 00:01:26,937 Mar it belangrykste, 38 00:01:26,937 --> 00:01:28,902 wy leauwe yn jo. 39 00:01:29,086 --> 00:01:31,828 Wy leauwe dat de bêste browser fan 'e wrâld mooglik makke is 40 00:01:31,828 --> 00:01:33,457 troch technisy, programmeurs, 41 00:01:33,457 --> 00:01:36,208 ûntwerpers en minsken lykas jo, 42 00:01:36,208 --> 00:01:39,587 dy't harren tiid, talint, enerzjy en stipe jouwe oan it doel. 43 00:01:39,587 --> 00:01:41,586 En wy leauwe dat wy mei-inoar, 44 00:01:41,586 --> 00:01:43,113 mei dit doel yn 'e holle, 45 00:01:43,113 --> 00:01:46,252 trochgean kinne om te fernijen te'n goede fan elk minske 46 00:01:46,252 --> 00:01:47,658 en foar ferbettering fan it web. 47 00:01:47,658 --> 00:01:49,655 Sa dat it foar ivich en altyd 48 00:01:49,655 --> 00:01:51,492 it grutte doel tsjinnet. 49 00:01:51,492 --> 00:01:53,990 Wy binne allegearre Mozilla Firefox. 50 00:01:54,263 --> 00:01:56,321 Wy binne net allinnich in oar soarte fan browser. 51 00:01:56,588 --> 00:01:59,160 Wy binne in browser dy't in ferskil makket.