0:00:01.959,0:00:05.000 Wy binne tefreden dat wy dy nuveraardige browser binne. 0:00:05.014,0:00:07.616 Wy hawwe net in bylkerich bedriuwslogo 0:00:07.616,0:00:09.594 neist ús namme yn de parse. 0:00:09.594,0:00:11.390 Wy hawwe gjin winstmarzje. 0:00:11.670,0:00:14.394 Wy hawwe gjin hillige rockstjerren[br]dy't wy boppe oaren stelle. 0:00:14.610,0:00:16.100 Wy meitsje net deselde deals, 0:00:16.100,0:00:17.486 tekenje net deselde kontrakten, 0:00:17.486,0:00:18.822 of fûstkje mei deselde minsken, 0:00:18.822,0:00:20.342 as elkenien. 0:00:20.897,0:00:22.960 En dat fine wy allegear bêst. 0:00:23.664,0:00:25.542 Wy binne in groep fan ûnôfhinklik, ynspirearre, 0:00:25.542,0:00:27.290 ûnkonfinsjonele minsken mei passy 0:00:27.290,0:00:29.377 dy't saken in krekt efkes oars oanpakke. 0:00:29.654,0:00:32.310 Dêr't oare bedriuwen de skjinne winst wurdearje kinne, 0:00:32.395,0:00:35.021 wurdearje wy... wel, wearden. 0:00:35.590,0:00:38.916 As de konkurrint beslút om wat te patintearjen, 0:00:38.916,0:00:40.834 stride wy om it frij te krijen. 0:00:41.172,0:00:43.317 En wylst de measte produkten en technologyen 0:00:43.317,0:00:45.215 ûntwikkele wurde efter ôfskoattele doarren, 0:00:45.215,0:00:46.797 binne dy fan ús kultivearre yn iepenheid, 0:00:46.797,0:00:48.749 sichtber foar elkenien. 0:00:48.832,0:00:52.190 Wy hawwe gjin ferplichtingen oan oandielhâlders,[br]partners of eigeners. 0:00:52.316,0:00:54.112 Wy jouwe oars gjin antwurd as jo. 0:00:54.502,0:00:56.460 En wy wurkje net op dy wize[br]om't wy dêr aardichheid oan hawwe, 0:00:56.460,0:00:58.820 alhoewol't it tige aardich is. 0:00:58.922,0:01:00.348 Wy wurkje sa, 0:01:00.348,0:01:03.570 omdat wy tinke dat it sa it bêste is. 0:01:03.570,0:01:05.500 By ús geane prinsipes boppe winst. 0:01:05.519,0:01:08.650 Wy leauwe dat earlikheid boppe geheimhâlding stiet, 0:01:08.767,0:01:11.500 en de mienskip boppe bedriuwsresultaten. 0:01:11.675,0:01:13.898 Wy leauwe dat de minsken mear om it web jaan moatte 0:01:13.898,0:01:15.175 as om it eigendom, 0:01:15.313,0:01:17.067 mear in boarne om noed foar te stean 0:01:17.067,0:01:19.487 as inkeld mar in artikel om te ferkeapjen. 0:01:19.487,0:01:21.138 En wy leauwe foarfêst yn ynnovaasje 0:01:21.138,0:01:25.100 dy't brûkers foaroan, sintraal en gewoan efter it[br]stjoer set. 0:01:25.465,0:01:26.937 Mar it belangrykste, 0:01:26.937,0:01:28.902 wy leauwe yn jo. 0:01:29.086,0:01:31.828 Wy leauwe dat de bêste browser fan 'e wrâld[br]mooglik makke is 0:01:31.828,0:01:33.457 troch technisy, programmeurs, 0:01:33.457,0:01:36.208 ûntwerpers en minsken lykas jo, 0:01:36.208,0:01:39.587 dy't harren tiid, talint, enerzjy en stipe jouwe oan it doel. 0:01:39.587,0:01:41.586 En wy leauwe dat wy mei-inoar, 0:01:41.586,0:01:43.113 mei dit doel yn 'e holle, 0:01:43.113,0:01:46.252 trochgean kinne om te fernijen te'n goede[br]fan elk minske 0:01:46.252,0:01:47.658 en foar ferbettering fan it web. 0:01:47.658,0:01:49.655 Sa dat it foar ivich en altyd 0:01:49.655,0:01:51.492 it grutte doel tsjinnet. 0:01:51.492,0:01:53.990 Wy binne allegearre Mozilla Firefox. 0:01:54.263,0:01:56.321 Wy binne net allinnich in oar soarte fan browser. 0:01:56.588,0:01:59.160 Wy binne in browser dy't in ferskil makket.