[Wat is nij yn Firefox] Mei de nijste Firefox binne jo no noch makliker en flugger dêr't jo wêze wolle. Mei de fernijde Startside kinne jo no ienfâldichwei jo meast brûkte menuopsjes iepenje. lykas downloads, blêdwizers, skiednis, add-ons, Sync en ynstellingen. [Nije ljepbledside] Wy hawwe ek ferbetteringen oan jo nije ljepblêdside oanbrocht. Mei de nije ljepblêdside kinne jo no ienfâldichwei nei jo meast resinte en regelmjittich besochte websteeën navigearje fia ien klik. Om de nije ljepblêdside te brûken meitsje jo in nij ljepblêd oan troch op de "+" boppe yn jo browser te klikken. De nije ljepblêdside sil no miniatueren fan jo meast resinte en regelmjittich beszochte websteeën út de skiednis fan jo lokaasjebalke werjaan. Jo kinne jo nije ljepblêdside oanpasse troch de miniatueren te fersleepjen en de folchoarder te wizigjen. Klik op de punêze om de website fêst te setten, of op de knop "X" om in website fuort te smiten. Jo kinne ek op it "rasterikoantsje" rjochtsboppe yn de side klikke om werom te gean nei de lege nije ljepblêdside. Download de nijste Firefox no en brûk de nije funksjes hjoed noch!